Boargertop op It Hearrenfean lûkt soad belangstelling

09 feb 2019 - 12:02

Op It Hearrenfean prate dizze sneon in pear hûndert minsken mei oer de takomst fan it sintrum. Der is grutte belangstelling foar de byienkomst, der moasten stuollen by.

Foto: Twitter Jelle Zoetendal

'Wat dogge wy mei it sintrum op It Hearrenfean?' dat is de grutte fraach dy't bepraat wurdt troch hûnderten ynwenners, ûndernimmers, politisy en frijtinkers. De byienkomst wurdt de G1000 neamd.

It is de bedoeling dat der echte plannen útkomme dy't ek útfierd wurdt. Ein maaie nimme de dielnimmers dêr in beslút oer en dat wurdt dan foarlein oan de gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)