Watfoar Noard-Nederlânske band wol Dokk'em Open Air iepenje?

09 feb 2019 - 11:11

Dokk'em Open Air siket nei Noard-Nederlânsk talint om it Fryske metalfestival te iepenjen. Lokaal talint kin him oant 17 febrewaris oanmelde. Begjin maart wurdt de útslach bekend makke.

Der binne ek wer in pear nije nammen taheakke oan de programmearring. It giet om de Nederlânske symfoanyske deathmetalband MaYaN en death metal/metalcoreband For I Am King, de Sweedske heavymetalband Enforcer en death/thrashband Darkane en de Belgyske speed/thrashmetalband Evil Invaders.

Headliners binne King Diamond út Denemarken en it Britske Cradle Of Filth.

Earder waarden al befêstige: King Diamond (DK), Demons & Wizards (FS/DE), Cannibal Corpse (FS), Vivaldi Metal Project (IT), DOOL (NL), Pestilence (NL), Insanity Alert (AT) en Blaas Of Glory (NL).

It festival is op 28 en 29 juny yn Dokkum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)