Oankomst Sint Piter yn Grou is freedsum ferrûn; demonstranten stienen mei tekstbuorden

09 feb 2019 - 16:09

Sint Piter is sneontemoarn om healwei alven hinne yn Grou oankaam mei syn helper Swarte Pyt foar it bernefeest. Sa'n fyftjin demonstranten fan Kick Out Swarte Pyt stienen der om aksje te fieren. Se hienen tekstbuorden by har mei de tekst 'Pyt = rasisme'. Yn oerlis mei de gemeente Ljouwert koenen se yn in greide oan de oare kant fan it wetter stean dêr't de boat fan Sint Piter oankaam.

Nei de oankomst makke Sint Piter in tocht troch it doarp. In soad minsken stienen op de kade om mei de goedhillichman te fûstkjen. Bern stienen klear om har tekeningen te jaan.

Wylst de tsjerkeklokken op de achtergrûn te hearren wienen, rôpen de demonstranten 'Swarte Pyt is rasisme' en 'Swarte Pyt kin net'.

Neffens Joyce Beukema fan Kick Out Swarte Pyt stienen se yn de greide op in goed plak. "Kinst ús sjen en kinst ús hearre, dus we ha ús doel behelle. It waait hurd, mar de megafoan docht it goed. It is hjir feiliger as yn it doarp, mar ik hie it wol moai fûn as we in stilteprotest hân hienen yn it doarp. "

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Joyce Beukema fan Kick Out Swarte Pyt

Boargemaster Ferd Crone hiet Sint Piter en Swarte Pyt wolkom. Sint Piter en Swarte Pyt wienen bliid dat se der wienen. "Mei de hurde wyn gong it spaansk!"

"Er is niks gebeurd, en ik ben blij dat het goed is gegaan", sjocht Ferd Crone werom. "De demonstranten hebben zich aan de spelregels gehouden." Neffens him ha de bern amper wat sjoen fan de demonstranten. "Het is prima gegaan. De demonstranten hebben hun punt kunnen maken."

"Het was een van de leukste intochten, iedereen was vrolijk, het zonnetje was erbij, maar het was wel koud. De kinderen stonden vooraan en de ouders verderop, zo hoort het ook, want het is een kinderfeest. En er waren veel ouderen, want het is tegelijk een reünie."

Twa minsken dy't op provosearjende wize yn diskusje gienen, binne troch de plysje frege fan it eveneminteterrein te gean.

Auke Zeldenrust praat mei boargemaster Ferd Crone

Sint Piter komt altyd op de sneon foar syn jierdei, op 21 febrewaris, oan. Fanwege de foarjiersfakânsje is dat dizze kear in wike earder.

(advertinsje)