Totaalferbod pulsfiskerij yn Europa liket tichteby

09 feb 2019 - 09:57

Nederlân sil akseptearje moatte dat yn de Europeeske Uny in ferbod komt op pulsfiskjen. De Brusselske ûnderhannelingen dêroer sitte yn de beslissende faze en de belutsen partijen sizze tsjin de NOS dat der foar Nederlân net folle mear te rêden is. Kommende wike falt it beslút. In totaalferbod sil Nederlânske fiskers de kommende jierren euro's miljoenen kostje.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Op dit stuit fiskje sa'n 80 Nederlânske skippen mei de puls, in fiskmetoade dêr't elektrisiteit by ynset wurdt om fisk út 'e seeboaiem kjel te meitsjen. Mei de puls wurdt mear fisk fongen as mei âldere metoades en der wurdt in soad brânstof besparre. Nederlânske fiskers hawwe der de ôfrûne jierren goed oan fertsjinne.

Lobby

Dêr komt no in ein oan. Nederlân hat in jier lang lobbyd om in ferbod op pulsfiskjen tsjin te hâlden, nei't it Europeesk Parlemint begjin ferline jier foar sa'n ferbod stimd hie. Mar it lobbyen hat gjin effekt hân. Boarnen ticht by de ûnderhannelingen sizze dat yn it bêste gefal noch in pear Nederlânske fiskers mei de puls fiskje meie, mar dat in totaalferbod folle wierskynliker is.

Doe't dúdlik waard dat oan in ferbod hast net te ûntkommen is, besochten Nederlânske diplomaten de betingsten dêrfan noch wat te ferbetterjen. Nederlân wol jierrenlange oergongsperioades en in clausule dêr't yn stiet dat it ferbod noch wer weromdraaid wurde kin op basis fan nij wittenskiplik ûndersyk. Ek dy konsesjes sil Nederlân de kommende wike nei alle gedachten net krije, sizze belutsenen.

Ferset

It ferset tsjin pulsfiskjen komt fan Frânske en Britske fiskers en in tal miljeugroepen. Dy stelle dat der gjin fisk mear te fangen is as Nederlânske puls-skippen foarby gien binne. Boppedat soe de elektrisiteit dy't troch de Nederlanners brûkt wurdt alle libben út see weinimme. Foar dy lêste stelling is gjin wittenskiplik bewiis, mar in soad Europarlemintariërs lieten har der foarich jier wol troch oertsjûgje.

No woansdei sille de Europeeske Kommisje, it Europeesk Parlemint en de EU-foarsitter Roemenië om tafel om te besluten oft der in pulsfiskferbod komt. Nederlân hie de hope fêstige op de EU-foarsitter, dy't it stânpunt fan de Europeeske lannen ferwurdzje moat. Mar op in gearkomste fan de lannen, freed, waard dúdlik dat ek dêr net folle stipe is foar it Nederlânske stânpunt.

Fergunningen

Wannear't in pulsfiskferbod yngiet, is noch ûndúdlik. Fan april oant en mei augustus rinne fjirtich Nederlânske pulsfiskfergunningen ôf. It is hast ûntinkber dat dy't noch ferlinge wurde. De rest sil net folle langer mei de puls trochfiskje kinne.

Trefwurden: 
Brussel ferbod pulsfiskerij
(advertinsje)
(advertinsje)