Soad reaksjes op nij wenplan yn Wommels

09 feb 2019 - 08:51

Foar de apparteminten en nije wenten op it plak fan it âlde Bogerman-skoalgebou yn Wommels is in soad belangstelling. Der is in enkête ûnder jongerein nei it ferlet fan goedkeape wenten yn it doarp en dêr komt in soad reaksje op.

Foto: Doarpsbelang Wommels

It plan is om it haadgebou fan de âlde skoalle stean te litten en dêrachter tolve goedkeape enerzjyneutrale wenten te bouwen. Kosten fan it hiele projekt wurde rûsd op sa'n 3 miljoen euro.

"Er zijn al negentig reacties", seit Max Kooijmans, hy is projektlieder. "Dat is meer dan verwacht, want het is pas anderhalve dag online. Dat er nu al zoveel reacties zijn, geeft goede hoop. We zien ook dat ouderen reageren en die schrijven in het commentaar dat het een mooi project is en dat ze daar best tussen zouden willen wonen."

In buro út Grins docht it ûndersyk, dat oant 15 maart rint. Dan wurdt in rapport opmakke en begjin april bekendmakke. Yn maaie soe de ried in beslút nimme moatte en dan soe it nei de fakânsje los kinne.

Max Kooijmans

(advertinsje)