Grou is klear foar de komst fan Sint Piter

09 feb 2019 - 08:39

Foar bern yn Grou is dizze sneon dé dei fan it jier, want Sint Piter komt oan. Yn it foar wie der al in soad belangstelling foar de yntocht want Kick Out Swarte Pyt is der ek by om sa't sy sizze 'vreedzaam' aksje te fieren. Yn oerlis mei de gemeente Ljouwert is in plak foar de demonstranten oanwiisd, oan de oare kant fan it wetter dêr't de boat fan Sint Piter oanlizze sil.

De oankosmt fan Sint Piter yn Grou - Foto: Omrop Fryslân

Peter van den Broek, foarsitter fan it Sint Piterkomitee

Is dizze dei oars mei de komst fan de demonstranten? "Het is wel spannend, wat er gaat gebeuren en of mensen zich houden aan de afspraken", seit Peter van den Broek, foarsitter fan it Sint Piterkomitee.

De bern wurde dit jier wat oars delset, sadat se net it sicht op de demonstranten hawwe.

Yn it foar hat in soad oerlis west en yn it komitee sitte ek twa minsken dy't har dwaande hâlde mei de feilichheid. "Het was vooral druk in de voorbereiding, nu geven we het uit handen aan politie en veiligheidsmensen van de gemeente, dat is hun vak." Trije jier lyn wienen der ek demonstranten by de yntocht fan Sint Piter.

It nijs fan de demonstranten fan Kick Out Swarte Pyt waard ek lanlik oppikt. "Het was wel druk, het houdt je van de straat zeg maar. Donderdag heb ik de hele dag allerlei pers te woord gestaan."

Hoe sjocht de dei derút?

"Om tien uur stroomt de kade vol bij hotel Oostergoo en om half elf wordt de boot verwacht, maar het waait nogal hard, dus hij kan wat vertraging oplopen. Dan volgt een kleine tocht naar het Halbertsmaplein waar het feest verder gaat met toespraken en Sint Piterliedjes. Dan gaat de tocht door het dorp."

Reüny

Alle jierren is Sint Piter ek in momint dat âld-Grousters wer by elkoar komme. "Ze komen uit de hele wereld om vrienden, familie en kennissen te bezoeken." Middeis is der in moeting yn de tsjerke.

(advertinsje)
(advertinsje)