Kollum: "Taaltoets foar flikken"

09 feb 2019 - 08:20

"Mear blau op strjitte. It is hast alle kearen in ferkiezingsbelofte fan ien fan de partijen. Meastal as reaksje op in resint slim barren dat dy partij stikem wol goed fan pas komt, want dan kinne se yn de listlûkersdebatten de oaren de mjitte nimme oer hoefolle ekstra plysjes sy wol net yn gedachten ha.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

No moat ik sizze dat we hjir yn dit lân oer it algemien in keurich folkje binne. Soks komt ek omdat we de measte saken tige goed regele ha. Fansels is seure ien fan de nasjonale hobbys, mar ik seach in foto yn de krante fan in âlder stel dat yn folle tefredenheid op it hiem oan it gersmeanen wie. Sy hold it snoer fêst, hy treau de gersmeaner oer harren griene postsegel. Nederlânsker kin it hast net. Gjin plysje yn de buert, hoecht ek net.

Mar as der ferkiezings komme, roppe de politisy om it hurdst dat sy Nederlân noch folle feiliger meitsje sille. Mear plysjes, mear blau. Prachtich, hear. Mar dy jonges en famkes moatte, foardat se jo en my beskermje tsjin alle kwea, in taaltoetske dwaan. No, as it net slimmer wurdt, kin it hinnebruie. Taal is wichtich, dus in knappe behearsking fan it sprutsen wurd is wol in fereaske as je boeven yn de boeien slaan. Wat blykt no: de nije rekruten sakje massaal foar dy toets.

Tiid foar in fjildûndersyk. Jim as trouwe Omropharkers ha rjocht op de feiten. De toets stie op ynternet. Dus ha ik dy even foar jim makke. Ik moast fan acht fan de tsien wurden de betsjutting witte. As skriuwer moat dat net in te grut probleem wêze, soenen je sizze. No, dat foel nochal ôf. Ik daagje jim út. Hjir komme se. Jo kinne kieze út trije betsjuttings.

Alluvium: Soere rein, troch wetter ôfset materiaal of in legearing fan twa metalen.

Excerpt: In úttreksel, bûtengewoan of behalve.

Redundantie: (Mei)-trilling, oertallichheid of in tsjineask yn in proseduere.

Agnosticisme: In einige rige ynstruksjes, allergy foar nijs of twivel oan it bestean fan in hegere macht.

Tautologie: Stribje nei folsleinens, de klam op in wurd lizze mei itselde soart wurd of selskwelling.

Matriarchaal: Architektoanyske bôge, froulike kultuer of ferâldere taalgebrûk.

Antoniem: Tsjinsteld wurd, ûnbekende identiteit of ferhaal fan de hillige Antoanius.

Deconfessionalisering: Sûkerfrij meitsje fan sjem, losmeitsje fan it leauwen of bankroet gean.

Hematoom: Sûnder ôfwikseling, winkelferslaving of bloedútstoarting.

Verguizen: Yn lytse fragminten brekke, te skande meitsje of fan wenning feroarje.

Dat wienen se. Ditsoarte retoaryk moatte de plysjes fan moarn dus allegearre ûnder de knibbel ha. Ik hie acht fan de tsien goed, neffens de toetseasken hie ik op dit ûnderdiel dus geskikt west om troch te gean yn de oplieding foar plysje.

Mar earlik sein tink ik dat fan dy tsien wurden net folle weromkomme yn it deistich plysjewurk. Miskien as in dokter yn faktermen seit dat in ferkearsslachtoffer lêst hat fan hematomen. Dat binne dus bloedútstoartings. Mar de oare wurden? It is aardich, hear. Mar praktysk? Net echt. Foar de oplossings moatte jim mar even op de app of op de side fan de Omrop sjen."

Alluvium = troch wetter ôfsetten materiaal.

Excerpt = in úttreksel.

Redundantie = oerstallichheid.

Agnosticisme = twivel oan it bestean fan in hegere macht.

Tautologie = de klam op in wurd lizze mei itselde soart wurd.

Matriarchaal = froulike kultuer.

Antoniem = in tsjinsteld wurd.

Deconfessionalisering = losmeitsje fan it leauwen.

Hematoom = in bloedútstoarting.

Verguizen = te skande meitsje.

(advertinsje)