Forum voor Democratie en DENK meie yn Fryslân meidwaan oan steateferkiezingen

De partijen Forum voor Democratie en DENK meie yn Fryslân meidwaan oan de ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten. De Kiesraad hat bekendmakke dat de twa nijkommers op it provinsjale bestjoersnivo oeral foldwaande stipeferklearringen krigen ha.
Stimme © Shutterstock.com
Ek 50PLUS en de PVV hawwe harren yn alle provinsjes oanmeld. Dat jildt ek foar VVD, CDA, PvdA, GrienLinks, D66, SP, ChristenUnie en de Partij voor de Dieren. De SGP docht yn 9 fan de 12 provinsjes mei, wêrûnder Fryslân.
De ferkiezingen binne op 20 maart.