UNIS Flyers ha maklike jûn tsjin 'takomstteam' Tilburg Trappers

08 feb 2019 - 22:36

UNIS Flyers hiene freedtejûn gjin probleem mei it 'takomstteam' fan de Tilburg Trappers. Nei de earste perioade stienen de Flyers al mei 9-0 foar, úteinlik waard it sels 15-1.

De UNIS Flyers - Foto: Martin de Jong

De Flyers, dy't einliks wer ris yn har eigen iishockeyhal spylje koene, hiene in maklike jûn tsjin de hikkesluter fan de BeNe League. Yn de earste perioade stienen de Flyers al mei 9-0 foar. Yn de twadde perioade gie de thúsploech gewoan troch mei skoaren: 14-1. Yn de tredde perioade makken de Flyers der noch 15-1 fan.

Earder dit jier, op 20 jannewaris, wûnen de UNIS Flyers ek al fan it takomstteam fan de Tilburg Trappers, yn Tilburg waard it doe 0-20. Troch de oerwinning bliuwe de Flyers op it tredde plak fan de BeNe League stean.

(advertinsje)