SC Cambuur dielt de punten mei leechfleaner NEC

08 feb 2019 - 22:13

SC Cambuur hat freedtejûn 1-1 lykspile tsjin leechfleaner NEC. Yn it eigen stadion krigen de Ljouwerters wol kânsen, mar sy wisten mar ien te fersulverjen. Cambuur woe nei de ôfgong tsjin Jong AZ fan moandei revâns helje tsjin NEC.

De Ljouwerters begûnen dan ek goed oan de wedstriid, mei in soad kânsen. Yn de 28e minút betelle him dat út mei in goal fan Steenvoorden, dy't in corner binnenkoppe koe. Ek dêrnei sette Cambuur in soad druk op de goal fan NEC, dat 15e stiet, mar foar it skoft koe de thúsploech gjin kânsen mear fersulverje.

Foto: Orange Pictures

Twadde helte

Nei it skoft wie it foaral NEC dat it foartou naam. Nei't sy earder al in grutte kâns krigen, wie it Kvida dy't yn de 52e minút de bal achter Mous wurke: 1-1. Dêrnei hiene sawol Cambuur as NEC noch kânsen om de wedstriid te winnen.

Yn de lêste minút moast doelman Mous der noch oan te pas komme om in kopbal fan Okita út de hoeke te slaan. Úteinlik kamen beide ploegen net mear ta skoaren.

Cambuur 1-1 NEC (1-0) 28. Matthew Steenvoorden 1-0, 52. Josef Kvida 1-1.

Opstelling Cambuur: Mous, Sai, Steenvoorden, Schilder, Sambissa, Jansen, Ciganiks, Maulun (77. Bangura), Jones (57. Van Kippersluis), Hendriks, Robertha.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal NEC
(advertinsje)