Hearrenfeanfroulju winne yn ekstremis fan Excelsior

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe op sportpark Skoatterwâld mei 1-0 wûn fan Excelsior Barendrecht. Pas yn de 90e minút kamen de Friezen tot skoaren.
© ProNews
Hearrenfean en Excelsior krigen beide net in soad kânsen. De Friezen tochten yn de 30e minút op foarsprong te kommen troch in goal fan Fenna Kalma, mar de skiedsrjochter karde dizze ôf omdat sy bûtenspul stie.
Troch de hurde wyn hiene beide ploegen it lestich, omdat de bal faak nuvere bewegingen makke. Dêrneist wie it fjild troch de rein tige glêd. Mei dêrtroch waard pas yn de 90e minút skoard, doe't Fenna Kalma fan ôfstân in frije trap binnen skeat.
Hearrenfean 1-0 Excelsior Barendrecht (0-0) 90. Fenna Kalma 1-0.
Opstelling Hearrenfean: Van der Werf, Ypema, Schouwstra, Sabajo, Kalma, Bross, Waterham (46. Douma), Strik (84. van den Heuvel), Philippo, Casparij, Admiraal (70. Van Velzen).