KOSP net wiis mei plak: "We binne wat minder sichtber, dus dan mar hearber"

08 feb 2019 - 21:35

Aksjegroep Kick Out Swarte Pyt krijt sneon yn Grou in plak yn de greide tawiisd om te demonstrearjen tsjin Swarte Pyt by it Sint-Piterfeest. Der wurdt in fak makke yn de greide tsjin Hotel Oostergo oer, dêr't de demonstranten stean meie. De aksjegroep is lykwols net hielendal wiis mei it plak.

Foto: Omrop Fryslân

"Ik hie leaver yn Grou sels stien. Mar ik begryp dat it dêr wat lyts is. It alternatyf is it plak dêr't we no stean, mei in fersterker mei gelûd. We binne wat minder sichtber, dus dan mar hearber", seit Joyce Beukema fan KOSP.

Hoefolle minsken der meidwaan sille, wit de groep noch net krekt. De oanmeldingen komme noch hieltyd binnen. "It makket ús net út mei hoefolle oft we dêr steane, as we mar in lûd hearre litte tsjin rasisme."

Joyce Beukema fan KOZP yn Ljouwert yn petear mei Ferd Crone - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Boargemaster Ferd Crone hie earder besocht om de demonstraasje foar te kommen, troch ôfspraken te meitsjen tusken de protestearjende groep en it komitee dat de yntocht fan Sint Piter organisearret, mar dat is net slagge. Beukema beskriuwt de lange ûnderhannelingen mei de boargemaster en gemeente as "in soad gepraat, en net in soad aksje".

"De boargemaster besocht derfoar te soargjen dat wy net demonstrearje soene en dat kommend jier Swarte Pyt net mear swart wêze soe. Dêr koe it komitee net mei ynstimme." Beukema baalt der wol fan dat se no demonstrearje moatte. Sy hie leaver sjoen dat der ôfspraken makke wurde soene.

Joyce Beukema fan Kick Out Swarte Pyt oan it wurd

Sneontemoarn set de groep ôf yn Grins en sille se fia Ljouwert nei Grou. De yntocht begjint sneon om 10.30 oere. Tusken 10 en 12 oere sil der yn Grou demonstrearre wurde. De aksjegroep komt neffens de gemeente mei ien bus nei Grou ta.

(advertinsje)
(advertinsje)