Douwe de Vries nei WK-goud: "Sven sleept ús der trochhinne"

Douwe de Vries en Sven Kramer binne elkoar tankber foar de ploege-efterfolging by it WK ôfstannen. De Nederlânske manlju pakten freed in gouden medalje. De ploech, mei dêryn ek Marcel Bosker, wiene mear as twa sekonden flugger as nûmer twa Noarwegen.
Goud foar Fryske reedriders yn ploege-efterfolging
De 5000 meter fan tongersdei doe't Kramer tredde einige, soarge wol foar twivel. Kramer: "Seker nei juster is it allegear wat minder wis hoe'tst rydst. Dochs moai dat je sa'n ploege-efterfolging ôfleverje kinne."
Ek De Vries wie optein nei ôfrin fan de gouden race. "Dit seit my in soad. Hielendal nei sa'n foarich jier, wat in ôffaller wie. Moai dat dit hele seizoen de foarm goed is."
Sven Kramer, Marcel Bosker en Douwe de Vries op it WK ôfstannen © Orange Pictures
De ploege-efterfolgings earder dit seizoen hat Kramer regelmjittich sjitte litten. No rydt er wol en is goud fuortendaliks it gefolch. Dat is gjin tafal neffens De Vries. "Ik bin bliid dat Sven meidocht. Hy docht it measte wurk. Hy sleept ús der trochhinne", sa seit De Vries.
"Is it einliks in kear oarsom", reagearret Kramer fuortendaliks. De Vries laitsjend: "De hiele simmer sleep ik him der troch hinne. Bliid dat hy my der no wer trochhinne sleept."

Generaasjeferskil

Kramer: "Ik sis it as in grap, mar it is gjin grap. Simmers kom ik te let út myn bed, bin ik te let op de training en stiet Douwe al in kertier te wachtsjen. Mei pine en muoite kin ik krekt meikomme. En hjoed is it in kear oarsom."
Dêr hat de 36-jierrige De Vries wol in ferklearring foar: "In generaasjeferskil, tink ik. Haha."