Boatebeurs Boot Holland fan start gien yn it WTC

08 feb 2019 - 19:20

It WTC Expo yn Ljouwert stiet freed yn it ramt fan de iepening fan de beurs Boot Holland. It is alwer de 29e edysje fan de beurs foar boatsjeleafhawwers.

Iepening Boot Holland yn it WTC

De beurs is ferdield oer fjouwer hallen en dêryn stean mear as 250 standhâlders. Ferline jier kamen der 31.000 minsken op de beurs ôf. Dat wiene der krekt wat minder as in jier earder.

Neffens beursmanager Jacco van Emst is de beurs noch hieltyd populêr, mar hat de sektor wol mear te krijen mei konkurrinsje fan online.

"We hebben breed ingezet op alle segmenten van de watersport. We merken dat de reacties vooraf goed zijn en dat het publiek en standhouders enthousiast zijn", fertelt Van Emst. "Je ziet altijd wel verschuiving in de markt. Men zoekt ook steeds meer online. Dat merk je op de beurs."

Beursmanager Jacco van Emst oan it wurd

(Advertinsje)
(Advertinsje)