Garnalefiskers wolle fergoeding foar opromjen kontenertroep

08 feb 2019 - 17:37

Garnalefiskers op de Noard- en Waadsee bale. It wetter sit noch hieltyd fol mei troep fan de kontenerramp en dêrfan geane de netten stikken. De fiskers wolle no âldere netten brûke, sadat se helpe kinne de rommel op te fiskjen. Mar dan moat dêr wol in fergoeding foar komme en dy is der noch net.

Foto: Sarah Verroen

Neffens Sarah Verroen fan fiskersorganisasaje VisNed is de situaasje ûnwerkber en binne skjinmakaksjes op it wetter hurd nedich. "De troep die uit die containers komt, ligt nu op de bodem van de zee. Er zijn ontzettend mooie schoonmaakacties geweest, maar met name op het strand, terwijl er op de bodem van de zee nog ontzettend veel ligt. Met name op de Noordzee."

Oaljeflek fan guod

De rommel bliuwt net yn de Noardsee, seit Verroen. "Je moet het als een olievlek met spullen zien. Hoe langer het duurt, hoe groter die vlek alsmaar wordt. Uiteindelijk zullen die spullen ook de Waddenzee op stromen." Neffens Verroen kinne de fiskers yn ien dei wol 1.000 kilo rotsoai opfiskje en dat beheind harren hiel bot yn harren wurk. It guod bliuwt yn de netten hingje en dy kinne dêrtroch kapot gean.

"Die zee moet weer schoon"

As de fiskers net op garnalen fiskje kinne, rinne se ynkomsten mis. De petearen oer in fergoeding foar it opromjen ha oant no ta noch neat opsmiten. Verroen hopet dat der gau in oplossing komt. "Hoe eerder hoe beter, die zee moet weer schoon."

Foto: Omrop Fryslân

Sarah Verroen fan fiskersorganisaasje VisNed

(advertinsje)