Fryske ynstânsjes stappe nei rjochter fanwege te djoere frachtweinen

08 feb 2019 - 17:25

De Fryske brânwacht, Omrin, gemeenten en mooglik in tal partikuliere ferfierbedriuwen hawwe fiersten tefolle betelle foar harren frachtauto's en oare ferfiermiddels. It giet om auto's dy't oankocht binne yn de perioade 1997 oant 2011 fan de merken Man, Daimler, Daf, Iveco, Volvo/Renault en mooglik ek Scania. Dizze fabrikanten makken ûnderling priisôfspraken wêrtroch't de ferkeappriis mei tûzenen euro's opkrikt waard.

Njonken de brânwacht giet it om Omrin, oare gemeente-ynstânsjes en in ûnbekend oantal ferfierbedriuwen. De troffen gemeenten hawwe de claim yn hannen lein fan Feilichheidsregio Fryslân. Dy hat him oansletten by NL Truckkartel, in organisaasje dy't de skea op basis fan 'No Cure No Pay' op de dieders ferhelje wol.

"Het gaat om gemeenschapsgeld dat is gebruikt om die wagens te kopen. Als daar te veel voor is betaald en of dat ten onrechte is gebeurd, is aan de rechter", seit Nick Kits fan Feilichheidsregio Fryslân. "Maar als dat zo is, willen we dat dat geld terugvloeit naar de gemeente."

Boete fan 3 miljard euro

De saak spilet oer de hiele wrâld en is net nij. De Europeeske Uny hat de belutsen fabrikanten earder al in boete fan hast 3 miljard euro oplein. Fanwege yngewikkelde juridyske prosedueres kin it lang duorje foardat de claim ferhelle wurde kin.

Trefwurden: 
brânwacht Omrin
(advertinsje)