A7-blokkearders meitsje beswier tsjin registraasje DNA

08 feb 2019 - 16:29

Sân minsken dy't feroardiele binne foar it blokkearjen fan de A7 by de lanlike Sinteklaasyntocht fan 2017 ha beswier yntsjinne tsjin de ôfname fan harren DNA. Dat meldt harren advokaat Tjalling van der Goot. Ien dy't feroardiele is ta in taak- of finzenisstraf moat fan de wet DNA ôfstean. Trije minsken ha noch gjin DNA ôfstien.

Foto: ANP

Neffens harren advokaat Tjalling van der Goot wolle de blokkearders harren DNA wol ôfstean, mar wolle sy net dat dat yn in databank telâne komt. "Se sizze dat harren DNA net fan belang wêze kin foar opspoaring yn takomstige strafbere feiten", seit Van der Goot. Pas neidat se selmateriaal ôfstien hawwe, kinne se beswier meitsje tsjin de ferwurking fan dat materiaal ta in DNA-profyl.

It Iepenbier Ministearje kin se, as it moat, oanhâlde om se sa ta meiwurking te ferplichtsjen. It is noch net bekend wannear't de beswieren troch de rjochtbank yn Ljouwert behannele wurde sille.

Tjalling van der Goot, advokaat fan de A7-blokkearders

It grutste part fan de 34 blokkearders krige yn novimber troch de rjochtbank in taakstraf fan 120 oeren oplein. Dejingen dy't in gruttere, koördinearjende rol hiene, krigen straffen fan 180 oant 200 oeren. Inisjatyfnimmer Jenny Douwes krige in taakstraf fan 240 oeren en in moanne selstraf ûnder betingst.

(advertinsje)