Snitser oanholden op Binnenhof yn Den Haag om fertochte situaasje

De Keninklike Maresjaussee hat freedtemiddei op it Binnenhof yn Den Haag in 38-jierrige Snitser oanholden. Hy brûkte 'driigjende taal', skriuwt de plysje. Boppedat liet er in rêchsek lizze, wêrtroch't it Binnenhof ûntromme waard.
Snitser oanholden op Binnenhof
De rêchsek is ûndersocht troch in ekplosiveferkenner fan de plysje. It die bliken dat der gjin eksplosiven yn sieten. Dêrnei, nei in oere, waard it Binnenhof wer frijjûn.
De plysje docht fierder ûndersyk nei it ynsidint en de motiven fan de man.
© ANP
Yn it gebou fan de Twadde Keamer rôp de befeiligingstsjinst meiwurkers in pear kear op om net by de ruten te stean. Op it momint fan de oanhâlding wie de ministerried oan it fergaderjen. Dy gearkomste hoegde net ûnderbrutsen te wurden.