Eigener soarchbuorkerij 't Daalders Plakje freget fallisemint oan

Eigeneres Corrie Sijtsma fan soarchbuorkerij 't Daalders Plakje yn Drachtsterkompenije hat it fallisemint oanfrege. Se begûn de soarchbuorkerij yn july 2017, mar de finansjele problemen waarden te grut. Sijtsma en kurator Rimar Goudmijn hoopje wol dat de soarchbuorkerij in trochstart meitsje kin.
© Shutterstock.com
Sijtsma bleau nei de start fan de soarchbuorkerij sels yn de thússoarch wurkjen as zzp'er. Al it jild dat se dêr fertsjinne, moast yn de saak. "Der is behoarlik yn ynvestearre", seit Goudmijn. Mar dat wie net fol te hâlden, hielendal nei't Sijtsma's wurk yn de thússoarch ophold. "Fan it begjin ôf ha we it net rindabel krije kinnen."

Seis pasjinten

"Ik hoopje de saak noch wol troch te setten", seit Goudmijn. "Dan komme de pasjinten ek net direkt op strjitte te stean." Op de soarchbuorkerij sitte seis pasjinten mei ferskate oandwaningen.
De kurator wol dizze moanne in kandidaat fine foar de trochstart. "Foar it fallisemint wie der al in oare partij dy't in bod útbrocht hie, mar dêrmei binne de skuldeaskers net akkoart gien." Dochs hâldt Goudmijn hoop op in oare partij foar in trochstart. "Ik tink dat der wol guon te finen binne. In oare partij hat ek al sein dat se de soarch trochsette wolle. It stik ûnroerend guod kin noch wol in probleem wurde."

Untslach foar wurknimmers

De wurknimmers wurdt freed ûntslach oansein. "Mei de tiid fan de opsistermyn bliuwe se noch wol yn tsjinst, sadat se de wurksumheden earst noch dwaan kinne. En as der in partij komt dy't mei de soarchbuorkerij trochgean wol, kinne de wurknimmers bliuwe."
Foar Sijtsma is it in persoanlik drama, seit Goudmijn. "Se hat har siel en sillichheid deryn stutsen. Se hat de buorkerij in jier eksploitearre en no docht bliken dat it allegear net slagget."
Kurator Rimar Goudmijn