Marcella Veldhuis-Andringa wint Fryske Vrouw in de Media Award 2018

08 feb 2019 - 15:09

Marcella Veldhuis-Andringa fan Ljouwert is de winner fan de Vrouw in de Media Award 2018 foar Fryslân. Neffens 29 persint fan de stimmers hat stylynspirator Veldhuis-Andringa har as bêste yn de media profilearre. De Vrouw in de Media Award 2018 waard freedtemiddei bekend makke yn it programma Noardewyn Live by Omrop Fryslân.

Linda Terpstra, inisjatyfnimmer by Fier, einige mei 15 persint op it twadde plak. Renate Westdijk, direkteur fan Enwestdijk, krige 13 persint fan de stimmen en waard tredde.

Priis

De Vrouw in de Media Award is in inisjatyf fan Mediaplatform Vaker in de Media en sprekkersburo ZijSpreekt. Alle priiswinners krije in byld, makke troch keunstner Ellen Buchwaldt.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)