Steatsboskbehear begjint mei ûnderhâldswurk bosk yn de Mieden

Steatsboskbehear set noch foar it briedseizoen útein mei ûnderhâld oan in lyts bosk yn de Mieden by Koatstertille. Dat bosk leit tusken de Alde Dyk en it Nonnepaed en is sûnt koart eigendom fan Steatsboskbehear. Dy ha ruile mei de gemeente Achtkarspelen, dy't no in stik bosk by Gerkeskleaster krijt.
© Omrop Fryslân
De provinsje hat doelstellingen opsteld foar de ynrjochting fan de Mieden. Ien dêrfan is dat der mear iepenens komt. It gebiet grinzet oan de Rohelstermieden, dêr't plannen foar makke binne om it fuortbestean fan de greidefûgel te beskermjen.
Neffens boskwachter Gjerryt Hoekstra is it no de tiid om in diel fan de beammen te kapjen, omdat it briedseizoen noch net begûn is. By it kapjen wurde de briedplakken fan rôffûgels ôfset en beskerme. Dat moat ek neffens de natuerbeskermingswet.