LIVEBLOG: WK ôfstannen Inzell dei 2

08 feb 2019 - 18:21
18:26
Ein fan dizze blog

Dêrmei meitsje we in ein oan dizze liveblog. De ynterviews mei de haadrolspilers kinne je aanst werom sjen op ús webside.

Folgje ús moarn wer, live op de radio en fia dizze liveblog.

18:24
WRÂLDKAMPIOEN!!!
Sven Kramer, Marcel Bosker en Douwe de Vries op it WK ôfstannen - Foto: Orange Pictures
18:23
Goud foar Sven en Douwe

Sven Kramer en Douwe de Vries, it binne maten, pakke goud mei de Grinzer Marcel Bosker. De earste gouden medalje foar Nederlân dizze dei. Nederlân sette in baanrekôr del mei 3.38,43. De Olympysk Kampioen Noarwegen wurdt twadde en dogge der twa sekonden stadiger oer. Ruslân wurdt tredde.

18:24
Nederlân is wrâldkampioen!!!

Nederlân is wrâldkampioen!!!!

18:19
Nederlân wint fan Noarwegen

Nederlân wint mei grut ferskil fan Noarwegen. No ôfwachtsje wat Ruslân en Japan dogge yn de lêste rit.

17:53
Nederlân aanst yn rit 3

Sven Kramer, Douwe de Vries en Marcel Bosker treffe aanst yn rit 3, fan de 4, Noarwegen.

17:50
Japan wrâldkampioen

De Japanners wurde wrâldkampioen. Se binne 0.43 sekonde rapper as Nederlân. In twadde sulveren medalje dus foar Antoinette de Jong. Ireen Wüst en Joy Beune pakke harren earste medalje.

17:45
Nederlân earste, mar wat docht Japan no?

Nederlân stiet earste, mei noch ien rit te gean. De favoriten: Japan.

17:39
Sina earste nei twa ritten

Twa fan de fjouwer ritten ha we hân. Sina stiet earste en Nederlân komt no.

17:19
We wachtsje no op de ploege-efterfolging

Dy begjint om 17.31 oere mei de froulju. Dêrfoar ride Ireen Wüst, Antoinette de Jong en Joy Beune.

Om 18.01 oere binne de manlju, mei Sven Kramer, Douwe de Vries en Marcel Bosker.

Trefwurden: 
reedriden WK Inzell
(Advertinsje)
(Advertinsje)