Delgong tal misdriuwen yn Fryslân, mar sedemisdriuwen minder faak oplost

De plysje registrearre yn 2018 21.875 misdriuwen yn Fryslân, wylst dat der yn 2010 noch hast 32.000 wiene. It oantal is wol krekt wat heger as it jier derfoar. Fan de misdriuwen yn 2018 wiene 345 sededelikten. Benammen de sedemisdriuwen wurde hast net opheldere. Dit docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) dy't freed bekend waarden.
© ANP
De measte misdriuwen wiene it ôfrûne jier yn Ljouwert. Op Skiermûntseach hie de plysje net in soad te dwaan: dêr waarden mar 45 misdriuwen registrearre. Dat is ek net sa frjemd; yn de iene gemeente wenje folle mear minsken as yn de oare. Dêrom hat it CBS ek útrekkene hoefolle misdriuwen der op 1.000 ynwenners útfierd wurde. Dan krije wy in opfallende top 5 fan Fryske gemeenten.
© Omrop Fryslân
Lanlik groeide it tal sedemisdriuwen sûnt 2016. Ek yn Fryslân is dat sa. Sedemisdriuwen binne misdriuwen fan seksuele aard, lykas oantaasting en ferkrêfting, mar ek grooming en sexting. Grooming is wannear't in folwoeksene in bern benaderet om mei him of har úteinlik ek seksueel kontakt hawwe te kinnen. Sexting is it fersprieden fan neakenfoto's of seksueel tinte berjochten. Faaks bart dat sûnder dat dejinge op de foto dat wol.

Minder oplost

Wat benammen opfalt oan de sifers oere sedemisdriuwen is dat der hieltyd minder opheldere wurde. Yn Fryslân waard yn 2018 mar 16,5 persint fan dy delikten oplost. Yn 2010 wie dat noch goed 60 persint. Under 'opheldere' ferstiet it CBS it folgjende: 'Misdriuwen wêrby't yn elk gefal ien fertochte by de plysje bekend is, ek al is dizze persoan op 'e flecht en ûntkent hy it strafbere feit útfierd te hawwen'. It betsjut dus dat foar 16,5 persint fan de oanjeften, net iens elkenien feroardiele is.
© Omrop Fryslân
Ek lanlik wurde hieltyd minder sededelikten oplost, mar sûnt 2017 is it persintaazje yn Fryslân sels leger as it lanlike gemiddelde.