Freedsmerk oer taalferhurding: "It is allegear fuck dit en fuck dat"

08 feb 2019 - 13:11

"It is allegear fuck dit en fuck dat, mar ik meitsje my der net drok oer." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer it taalgebrûk fan hjoed-de-dei.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Yn de Twadde Keamer rûn it dizze wike wer út de hân. Op de protestbuorden wie 'fuck' it meast brûkte wurd. De Bond tegen het Vloeken hat frege oft de taal yn telefyzjesearje De Luizenmoeder wat minder rûch mei. "Het mag op straat wel wat genuanceerder; teksten als 'Rutte moet opkutten' gaan veel te ver."

En oplossingen?

Oplossingen om der wat tsjin te dwaan seach men eins kwealik. "Als je er wat van zegt, moet je ook maar weer afwachten hoe er gereageerd wordt." Ien frou fertelde dat se der sels ek wat fan koe: "Als de vonk overslaat word ik de duvel zelf". In echte Ljouwerter hie der gjin muoite mei dat de taal fan strjitte ek yn de Twadde Keamer brûkt wurdt. "Dan begripe wy, ongeletterden, oek wêr it over gaat!"

In oar ferwachte dat hjir wol wer in reaksje op komme sil. "De minsken komme der wol wer op werom, it wurdt fêst allegearre wol wer wat fatsoenliker!"

Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)