Sint Piter stikem al sjoen yn Grou

08 feb 2019 - 12:54

Sint Piter is fêstlein foar de ivichheid mei in muorreskildering yn in Grouster steechje. De goedhillichman wurdt op it wurk net bystien troch in swarte of hokker kleure Pyt dan ek, mar troch Firolien.

Foto: Omrop Fryslan

Firolien is in karakter út it Sint Piter-mearke fan dit jier. Oan de Waachshaven yn Grou is it hyperrealistyske skilderwurk no te sjen. It keunstwurk is 2.98 meter heech en 1.60 meter breed en makke troch de keunstner LJ van Tuinen.

"Verschillende figuren"

"Firolien en Sint Piter zijn eigenlijk twee heel verschillende figuren, met een heel andere achtergrond. Wat ze wel gemeen hebben, is dat ze allebei op een bepaalde manier een spiegel voorhouden. Die spiegel vind ik een mooie symboliek", fertelt Van Tuinen.

Keunstner LJ van Tuinen oan it wurd

Trefwurden: 
keunstwurk Sint Piter
(advertinsje)
(advertinsje)