Wat kin SC Hearrenfean sneon tsjin it oplibbe PEC Zwolle?

08 feb 2019 - 12:33

PEC Zwolle is sneontejûn te gast yn it Abe Lenstrastadion. De ploech stie yn de winterstop noch op it fyftjinde plak, mar ûnder de nije trainer Jaap Stam hat PEC yn de twadde seizoenshelte noch net ferlern. Ferline wykein stie Zwolle mei 3-1 achter tsjin FC Utrecht, mar wûn de ploech yn 'e slotfaze op spektakulêre wize mei 4-3.

sc Heerenveen - PEC Zwolle - Foto: Omrop Fryslân

Yntusken is PEC Zwolle Hearrenfean foarby op 'e ranglist. De Zwollenaren steane no op it tsiende plak. "Ze hebben natuurlijk een nieuw coach (red. John van 't Schip waard yn desimber ûntslein), maar in de basis doen ze nog veel dingen hetzelfde. Met opkomende backs, veel wisselingen voorin en een voetballend middenveld", sa seit Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink.

Olde Riekerink kin yn elk gefal ek wer in berop dwaan op Morten Thorsby. De middenfjilder waard werom setten nei de beloften, omdat hy yn jannewaris sûnder tastimming nei Italië tagien wie en dêrtroch twa trainingen miste. Thorsby hat ôfrûne tiisdei in petear hân mei technysk manager Gerry Hamstra en syn ekskuzen oanbean. Dêrmei is de kjeld út de loft en slút hy wer by de groep oan.

Kwoot Olde Riekerink 1

Olde Riekerink: "Voor Morten en voor ons is het prima dat hij terug is. Al vind ik het wel terecht hoe de club heeft gereageerd. Je moet je aan de regels houden, die gelden voor iedereen. Maar aan de andere kant hebben we nooit problemen met hem persoonlijk gehad." Thorsby sels is ek bliid dat hy wer by de seleksje sit. "Ik ben heel blij, al was het wel een moeilijke periode. Ik wil graag een mooi afscheid en ben blij dat we deze oplossing hebben gevonden."

Duel tsjin PEC Zwolle is krúsjaal

Foar Hearrenfean is de wedstriid tsjin PEC Zwolle krúsjaal. Nei it 2-2 lykspul tsjin Vitesse stiet Hearrenfean noch mar ien punt boppe de degradaasjestreek. Dit seizoen prestearret de ploech benammen yn eigen stadion ûnder de maat. Yn it Abe Lenstrastadion waarden dit seizoen yn totaal seis punten helle. It minst fan alle ploegen yn 'e earedifyzje.

Ferline wike makke Dennis Johnsen syn debút foar SC Hearrenfean. De Noarske oanfaller foel yn de twadde helte yn foar Nemanja Mihajlovic en makke gelyk yndruk.

Foarkar foar Mihajlovic

Dochs jout Olde Riekerink tsjin PEC Zwolle opnij de foarkar oan Mihajlovic. "Nemanja heeft het tegen Vitesse ook goed gedaan. Hij heeft een moeilijk eerste half jaar gehad, maar heeft zich echt teruggeknokt. Nu Zeneli weg is, vind ik dat je hem een kans moet geven. Ik heb ook met een team te maken, ik kan niet elke week mijn vinger in de lucht steken wie het die week het beste kan doen."

Kwoot Olde Riekerink 2

Foar PEC Zwolle oanfierder Bram van Polen wie it fuotbaljier 2018 in jier om gau te ferjitten. Nei ôfrin fan de lêste kompetysjewedstriid tsjin VVV Venlo foar de winterstop (red. 2-0 ferlies) sei hy foar de kamera's fan FOX Sports: "Ik ben wel klaar met dat gare tyfusvoetbal. We hebben weer een kutweek gehad, het is een kutseizoen, een kut-2018. Voor ons is het nu wel tijd dat het winterstop is", fynt Van Polen. "De tweede helft van het seizoen moet echt een nieuwe start gaan worden."

Fermoedlike opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Hornkamp, Høegh, Pierie, Woudenberg, Rienstra, Schaars, Vlap, Van Bergen, Lammers en Mihajlovic.

(Advertinsje)
(Advertinsje)