Kick Out Swarte Pyt krijt demonstraasjefak yn Grou yn de greide

08 feb 2019 - 12:14

Aksjegroep Kick Out Swarte Pyt krijt sneon yn Grou in plak yn de greide tawiisd om te demonstrearjen tsjin Swarte Pyt by it Sint-Piterfeest. Der wurdt in fak makke yn de greide tsjin Hotel Oostergo oer, dêr't de demonstranten stean meie. Dat kin tusken 10 en 12 oere. De yntocht begint sneon om 10.30 oere. De aksjegroep komt neffens de gemeente mei ien bus nei Grou ta.

Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Ferd Crone hat besocht om de demonstraasje foar te kommen, troch ôfspraken te meitsjen tusken de protestearjende groep en it komitee dat de yntocht fan Sint Piter organisearret, mar dat is dus net slagge. "Sint Piter is een intens feest, dat wordt voorbereid op de scholen en dat mag niet worden verstoord. Maar mensen hebben ook het recht om te demonstreren", sa sei Crone.

Yn 2016 wie der yn Grou ek in demonstraasje tsjin Swarte Pyt. Dêrby ûntstie in grimmitige sfear.

De oankomst fan Sint Piter yn Grou - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)