Oebele Brouwer ynstallearre as boargemaster fan Achtkarspelen

08 feb 2019 - 11:16

Oebele Brouwer is tongersdeitejûn ynstallearre as nije boargemaster fan Achtkarspelen. Op in bysûndere iepenbiere riedsgearkomste waard er beëdige troch kommissaris van de Kening Arno Brok. Brouwer is de opfolger fan Gerben Gerbrandy, dy't nei seis jier de gemeente ferlitten hat en mei pensjoen gien is.

Brouwer wie earder offisier fan Justysje. Ein jannewaris naam er ôfskied by it Iepenbier Ministearje. Hy is net ferbûn oan in politike partij en ôfkomstich út de Wâlden. Brouwer wennet no yn Eastermar yn de gemeente Tytsjerksteradiel en sil dêr ek wenjen bliuwe. It is neffens de nije boargemaster tige tichteby Achtkarspelen, sadat er wer op de fyts nei it wurk kin.

Om yn 'e kunde te kommen mei de ynwenners fan Achtkarspelen makket Brouwer freed oant 13.15 oere in toer troch de doarpen yn de gemeente.

(advertinsje)
(advertinsje)