Kollum: "Offline libje"

08 feb 2019 - 08:10

"Ik ha in pear kear lid west fan ferskate wykblêden mar nei in jier as fiif hie ik altyd myn nocht. Want it wie eins alle jierren itselde en in werhelling fan setten. Dat is op himsels miskien ek wol logysk want hoe krijst oars alle wiken sa'n blêd fol mar ik sei it abonnemint op.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Dat is op himsels miskien ek wol logysk want hoe krijst oars alle wiken sa'n blêd fol mar ik sei it abonnemint op. Dat gefoel hie ik it ferline jier mei facebook. Sa faak itselde en dochs mar wer efkes sjen. Doe ha 'k der in skoft neat mear mei dien. Ik ha it net opsein, mar de app op de tillefoan al útsetten.

Uteinlik bin 'k wer wat begûn mar itselde gefoel bekrûpt my no op 'e nij. Dochs bliuwt it sa ferliedlik om efkes troch de tiidline te scrollen wylst eins wol witst datst der net folle mei opsjitst. En wat ek sa apart is; nei in besite yn 'e wrâld online, kin ik in hiel negatyf byld oer it libben krije wylst it yn it echt meastal wol wat tafalt.

Samar in pear berjochten yn in tiidsbestek fan in pear tellen: In frou dy't har dochter útliend hat oan manlju foar seksueel misbrûk hat noch minder taakstraf krigen as de blokkearfriezen. De soarch foar de sûnens is in soadsje, twa jeiers dy't grutsk op 'e foto steane mei in deasketten jonge oaljefant en filmkes by't soad oer alderhande begrutlike bisten.

Filmkes fan bern dy't yn elkoar skopt wurde en in berjocht dat der omraak beammen kapt wurde yn ferbân mei it nije 5G netwurk foar mobile telefoans. It skynt dat it net wurket as de beammen op guon plakken te heech binne en doe ynienen betocht ik my dat by de Foanejachtbrêge lêst ek in moai swikje hege beammen ferdwûn binne.

En doe't ik op in linkje klikte, kaam ik út by ferhalen oer in keppel kij dy't yn panyk rekken yn Grins of spontaan yn in ravyn rûn binne yn Switserlân en fûgels dy't massaal dea deldonderje; allegear nei testen mei it 5G netwurk. Earlik sein wurd ik net bepaald fleurich fan sokke berjochten en ik freegje my eins by alles ôf oft it wier is of net.

Ut en troch steane der fansels ek leuke dingen op. Sa as grappige en leave filmkes oer minsken en bisten en nijsgjirrige berjochten dêr't je wat oan ha kinne. Bygelyks resepten of tips mar de moaiste post fûn ik in plaatsje fan twa minsken dy't mei elkoar steane te praten. De tekst dy't derûnder stie, wie yn it Ingelsk mar it kaam der op del dat asto in praatsje mei dyn buorlju makkest de wrâld der gâns moaier útsjocht as de media ús foarspegelet.

En dat is ek myn ûnderfining. As ik om my hinne sjoch en praat mei minsken út 'e buert, dan kom ik eins altyd ta de konklúzje dat we it goed ha. Fansels hat elts húske syn krúske en is it libben gjin mearke mar dochs is it oars as dy, faak negative, ûneinige online stream fan ynformaasje dy't op ús ôfsjitten wurdt.

Dat we troch guon berjochten mear bewustwêzen krije kinne en better neitinken gean oer bepaalde saken, kin gjin kwea mar alles mei elkoar opteld fyn ik de stress fan it negative wrâldbyld dat it opleverje kin te grut en dus nim ik wer wat mear ôfstân.

Myn wrâld is net online mar om my hinne. Mei fûgels dy't fluitsje, minsken dy't dy groetsje, boeren dy't goed op de bisten passe en mei blokkearfriezen dy't de bern net misbrûke mar krekt beskermje wolle. Fertrou de wrâld, begjin by dyn eigen en ik nim in trochrinnend abonnemint op it libben offline."

(Advertinsje)
(Advertinsje)