Ynwenners It Hearrenfean prate op boargertop oer opknappen sintrum
Ynwenners fan It Hearrenfean binne útnûge om mei te praten oer it opknappen fan it sintrum. De gemeente hâldt sneon in boargertop, de G1000Hearrenfean. Ynwenners, ûndernimmers, amtners en politisy kinne dêr mei harren ideeën telâne, dy't meinaam wurde yn de plannen foar it sintrum.
It is neffens de gemeente in iepen petear. Eduard Kuit fan boekwinkel Binnert Overdiep is ien fan meast promininte ûndernimmers yn it sintrum. Hy is bliid mei it inisjatyf fan de gemeente, om fan ûnderen op it sintrum oantrekliker te meitsjen. Dat kin benammen de lytsere ûndernimmers stypje, sa tinkt Kuit. It oanbod oan winkels is de lêste jierren breder wurden, mar de lytsere winkels ha it dreech.
Gastfrijer en oantrekliker
Neffens Kuit moat It Hearrenfean gastfrijer en oantrekliker makke wurde mei de oanlis fan beamkes, jisketonnen en mear iepenbiere húskes, lykas op it Molenplein bard is. Boppedat moatte de 'pareltjes' yn it sintrum, lykas it Gemeenteplein en it Posthústeäter, better sichtber makke wurde. It Hearrenfean moat ek mear ynsette op toerisme, bygelyks troch wettersporters nei it sintrum te lûken en de bosk by Oranjewâld mear oan te priizgjen.