Plysjeynset Ljouwert wie foar stien troch rút fan wenning

De plysje yn Ljouwert is tongersdeitejûn manmachtich útriden, om't tocht waard dat der op in rút fan in wenning oan de Schieringerwei sketten wie. In buorfrou alarmearre de plysje. Se hie in hurde knal heard, wêrnei't in rút fan in appartemint sneuvele.
© Jaring Rispens
De plysjes sammelen harren yn de Dennenstrjitte, om't de mooglike dieder dêr wêze soe. Dêrby waard de omjouwing ôfsletten. Ut ûndersyk die bliken dat der wat troch it rút smiten is. Der is net ien oanhâlden.

Kûgelfrije festen

Der wie tongersdeitejûn in soad plysje aktyf. Dy soene ek kûgelfrije festen droegen hawwe.