Waadeilannen tekenje foar emisjefrij ferfier fan 2025 ôf

07 feb 2019 - 22:26

Op Skiermûntseach is it ferfolch úteinset fan de Elfwegentocht; in fossylfrije belibbingsdei mei duorsume auto's en advys oer it gebrûk dêrfan. Op sa'n dei kinne je advys krije oer duorsum ferfier en ek auto's útprobearje.

Waadeilânnen tekenje foar emmisjefrij ferfier fan 2025 ôf

De bedoeling is dat soksoarte fan dagen op noch folle mear plakken hâlden wurde. Dat de ôftraap op Skiermûntseach wie, is gjin tafal. De Waadeilannen wolle fan 2025 ôf neat mear útstjitte yn it ferfier. Hjiroer is tongersdei ek in konvenant ûndertekene.

Laadpeallen

Op Skiermûntseach betsjut it ûnder oare dat der laadpeallen komme foar elektryske auto's. It giet sels safier dat de iennichste benzinepomp op it eilân, dêr't net in soad motorisearre ferkear is, sa omboud wurdt dat der duorsume brânstoffen levere wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)