Alde Biltdyk krijt wer wat glâns werom

07 feb 2019 - 21:50

It is ien fan de langste bewenne strjitten yn Nederlân, in begryp, en dochs wiene de huzen oan de Alde Biltdyk bot fertutearze. Sa bot dat der yngrypt wurde moast. It projekt Herstel Dorpen en Bildtdijken moast dit oplosse, en nei wat wurk hawwe se no de earste resultaten.

Foto: Omrop Fryslan

Harkje nei in reportaazje oer de opknapte wenningen

Twa wenningen op de Alde Biltdyk dy't der min oan ta wiene, binne wer hielendal opknapt. Ek is úteinset mei it renovearjen fan trije wenningen dy't eigendom binne fan de stichting.

De wenningen wurde as se klear binne oanbean op de huzemerk. De stichting krige fan de eardere gemeente It Bilt de opdracht om minimaal tsien huzen op te knappen om it oansjen fan de dyk te ferbetterjen.

Stipe

It projekt wurdt finansjeel stipe troch de provinsje en de gemeente Waadhoeke. It doel is om yn 2019 de opdracht foar de tsien opknapte wenningen klear te krijen.

Trefwurden: 
húskes Alde Biltdyk
(advertinsje)
(advertinsje)