Boskwachters helje 2.500 kilo rommel út de natuer fan Skier

07 feb 2019 - 21:01

De 170 frijwilligers fan Natuurmonumenten dy't tongersdei op Skiermûntseach meiholpen hawwe om de strannen wer skjin te meitsjen, hawwe yn totaal goed 2500 kilo rommel opromme. It guod komt út de konteners dy't begjin jannewaris fan de MSC Zoe ôffallen binne.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Neffens in wurdfierder fan Natuermonuminten is der benammen in soad ferpakkingsmateriaal fûn en fuorthelle. "Maar daarnaast zijn nog er heel veel andere spullen opgeruimd. Bij het ingezamelde afval zaten onder meer een autobumper en tal van scheermesjes."

De opromaksje fan tongersdei wie benammen rjochte op it opromjen fan ferpakkingsmateriaal dat de dunen ynwaaid wie. Woansdei waard bekend dat der net 291 mar 345 konteners oer board slein binne op de MSC Zoe.

Natuurmonuminten ferwachtet dat der ek de kommende moannen noch troep oanspiele sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)