IIsfabryk yn Surhústerfean krijt stipe om te groeien

07 feb 2019 - 20:31

FB Oranjewoud stekt jild yn it iisfabryk yn Surhústerfean. Neffens de bedriuwen is de gearwurking nedich om fierder te groeien.

Foto: Omrop Fryslan

It iisfabryk B&G Foodfactory is fan oarsprong in fabryk dat eigen produkten makke, mar tsjintwurdich komme dêr hieltyd mear produkten fan grutte merken by, lykas Tony's Chocolonely, Unilever en FrieslandCampina.

Bysûndere iisko's

It iisfabryk hat hoop dat har spesjale 3D-printer ek in soad flecht op 'e koai bringe sil. De printer kin yn koarte tiid mallen meitsje foar bysûndere iisko's. Bygelyks as der in film yn de bioskoop draait, dan kin der yn Surhústerfean in foarmke makke wurde fan it haadpersonaazje. Yn de hiele wrâld binne der mar twa printers dy't dit kinne: ien yn Amearika en ien yn Surhústerfean.

Wurkgelegenheid

FB Oranjewoud hat betrouwen yn de groeimooglikheden fan it bedriuw yn Surhústerfean, en tinkt dat it yn de takomst ek mear minsken oan wurk helpe kin. "Als alle parameters in de nabije toekomst de goede kant op gaan, dan kan dit een belangrijke impuls geven aan de werkgelegenheid in Fryslân." Op dit stuit wurkje der 35 minsken yn it heechseizoen, en sa'n 10 yn it leechseizoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)