KNRM fart út foar motorboat yn problemen op Waadsee

07 feb 2019 - 20:04

KNRM Harns is mei twa rêdingsboaten útfearn foar in motorboat dy't yn problemen kaam is op de Waadsee. Troch it minne waar wie dy fêstrûn. Der waard ek in helikopter oproppen.

Foarbyldfoto fan de rêdingsboat yn akjse - Foto: Shutterstock.com

De helikopter sette in saneamde 'diver' op de boat. Dy moast de bestjoerder fan it fêstrûne jacht ôf takelje.

It motorskip sil nei alle gedachten freed, by heech wetter, burgen wurde.

(advertinsje)