Bysûndere bylden fûn yn Boalserter grûn

Archeologen hawwe yn de grûn efter it âlde stedhûs yn Boalsert trije bysûndere âlde bylden fûn. It giet om twa houten bylden út de 15e of 16e iuw, en in lyts byld fan wite klaai.
It bêste byld fan de twa houten eksimplaren is nei alle gedachten in byltenis fan de hillige Hiëronymus, mei in liuw. It lytse wite byld is it berntsje Jezus mei twa apels yn de hannen. De fynsten binne dien op it terrein dêr't oer inkele jierren it Historisch Centrum Westergo komme moat. Hjir sil it eardere stedhûs ek foar ferboud wurde.

Megafynst

Neffens de archeologen is de fynst tige bysûnder. In saakkundige omskriuwt it sels as in megafynst, om't der oer midsiuwske byldhoukeunst yn it noarden fan Nederlân hast neat bekend is. De bylden binne oerlange oan in konservator en moatte noch restaurearre wurde, foar't se oan it publyk sjen litten wurde kinne. De bylden binne oantaast troch houtwjirm en se binne 'spûnzich' trochdat se jierrenlang yn de wiete grûn lein hawwe.

Undersyk yn stedhûs

It ûndersyk efter it stedhûs is no hast klear, mar dat betsjut net dat de archeologen nei hûs kinne. It stedhûs sels wurdt nammentlik ek noch goed besjoen. Hjir sille de saakkundigen net safier de grûn yn grave as se no dien hawwe, mar miskien binne der noch restanten te finen fan it riedshûs, de foargonger fan it hjoeddeistige stedhûs út de 17e iuw.