Jongerein yn Tytsjerksteradiel yt sûner

07 feb 2019 - 18:09

Bern yn Tytsjerksteradiel binne de ôfrûne trije jier sûner iten gien. Se ite mear griente en drinke mear wetter. Dat docht bliken yn in tuskenstân fan de oanpak Jongeren op Gezond Gewicht dat yn de gemeente dien wurdt. Mear as 13.000 folwoeksenen en 500 bern yn Tytsjerksteradiel binne te swier.

Foto: Jongeren op Gezond Gewicht

De earste resultaten fan it projekt JOGG binne neffens wethâlder Andries Bouwman posityf. Dochs moat der neffens him noch mear wurke wurde oan de sûnens fan benammen jongeren yn de gemeente. Sifers litte sjen dat it tal bern dat te swier is dochs groeit.

(advertinsje)