Henk Deinum krijt earepinning by ôfskied as wethâlder

07 feb 2019 - 17:27

Henk Deinum hat by syn ôfskied as wethâlder fan de gemeente Ljouwert de ûnderskieding 'Penning van Verdienste' krigen. Ferd Crone oerlange him dy pinning út namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Henk Deinum - Foto: Gemeente Leeuwarden

As wethâlder wie Deinum hast tsien jier ferantwurdlik foar portefúljes lykas romtlike oardering, gebietsûntjouwing, folkshúsfêsting, wenjen, grûnbedriuw en fêstgoed. Hy wie ûnder oare belutsen by de ûntwikkeling fan de Blokhúspoarte en it nije Cambuurstadion op it WTC-terrein.

Bysûnder fertsjinstlik makke

De 'Penning van Verdienste' wurdt útrikt oan minsken dy't harren bysûnder fertsjinstlik makke hawwe op promosjoneel, kultureel, wittenskiplik, ekonomysk of maatskiplik mêd. De ûnderskieding bestiet út in brûnzen lispinning mei oarkonde.

(advertinsje)
(advertinsje)