Smellingerlân is foarbyld foar oanpak oergewicht en obesitas by bern

07 feb 2019 - 17:08

De gemeente Smellingerlân is in foarbyldgemeente foar de oanpak fan oergewicht en obesitas by bern. Dat sei steatssekretaris Paul Blokhuis fan VWS woansdei. Blokhuis joech it startsein foar de folgjende faze yn de oanpak fan oergewicht en obesitas by bern. Tusken 2016 en 2018 hawwe ferskate gemeenten, wêrûnder Smellingerlân, in suksesfol model ûntwikkele om de soarch en sûnens fan dizze bern te ferbetterjen.

It programma hjit Care for Obesitas en is betocht op de Vrije Universiteit Amsterdam. Befoarderjen fan sûnens en kwaliteit fan libben fan te swiere bern en it lytser meitsjen fan sosjaal-ekonomyske ferskillen yn sûnens is it doel. Yn 2030 moatte alle gemeenten passende soarch beskikber hawwe foar bern dy't te swier binne.

1 op de 7 te swier

Oergewicht en obesitas binne de ôfrûne desennia tanaam. Ek by bern. Ien op de sân bern is te swier yn Nederlân. Yn Fryslân hat 9 prosint fan de bern oergewicht en 3 prosint obesitas. Dizze bern hawwe baat by passende stipe en soarch foar harren wolwêzen. In saneamde ketenoanpak moat dêrfoar soargje.

Partners

Oare partners yn de yntegrale oanpak binne Jongeren op Gezond Gewicht (JOGG), Rijksuniversiteit voor Volksgezondheid en Milieu, Nederlands Jeugdinstituut en Nederlands Centrum Jeuggezondheid. De gemeente Smellingerlân is sûnt 2012 ien fan de 8 JOGG-gemeenten. Der is gearwurking socht mei GGD Fryslân, Sport Fryslân, ROS Fryslân en 20 Fryske gemeenten ûnder de flagge Nuchter over Gewicht.

(advertinsje)
(advertinsje)