Oprop: Ferhalen oer de sniestoarm fan 1979

Snie oant it dakrút ta, blokkearre sneldiken of gjin foer foar de bisten. Wat hawwe jo meimakke doe't ien fan de swierste sniestoarmen ea yn 1979 oer ús provinsje hinne raasde? Takom tongersdei 14 febrewaris is it alwer 40 jier lyn dat 'de sniewinter' plakfûn. Yn koarte tiid wie it iepenbiere libben yn Fryslân folslein fersteurd en tal fan doarpen en stêden wiene dagenlang fan de bûtenwrâld ôfsluten. De stoarm soarge foar in spannende wike yn Fryslân mei tûzenen ferhalen dy't wy graach witte wolle.
Oprop: Ferhalen oer de sniestoarm fan 1979
Ien fan de bekende ferhalen is fan Piet Zijlstra. Hy is seeman en kaam op it momint fan de stoarm oan op it stasjon yn Ljouwert. "Ik haw earst myn mem opbelle", fertelt Piet yn in dokumintêre fan Omrop Fryslân. "Se koe my net ophelje, want alle auto's wiene ynsnijd. Mar ik wie al sa lang ûnderweis en woe nei hûs. Dus doe haw ik sein: ik kom der oan!"
Piet hat alle klean dy't er mei hie om him hinne bûn, want hy hie gjin moffen of ek mar wat by him. "Doe bin ik dy kant wat útsutele. In trekker hat my ek noch in lyts stikje brocht." Om in oere of trije kaam er thús. "It wie krekt in swalker", fertelt mem Hiltsje Zijlstra. "Hy hie in sloop om 'e holle en badhandoeken om 'e earms en in reade pyjamabroek oan. Ik haw him earst foar de kachel setten, wy hawwe him stadichoan ûntteie litten."
Piet syn linkerhân wie beferzen, dêr hat er no noch wolris lêst fan, mar it hie slimmer ôfrinne kinnen. "It gie goed, mar ik soe it net wer dwaan. Op dat stuit tocht ik dêr net oer nei, doe wie it: gaan met die banaan en wegwezen."
Hawwe jo krekt as Piet ek wat meimakke yn de stoarm? Mail jo ferhaal nei fryslanhjoed@omropfryslan.nl.