Jeugdhulp Fryslân giet de striid oan mei regels

07 feb 2019 - 16:49

Jeugdhulp Fryslân wol de striid oangean mei de regeldruk. De ynstânsje wol sjen oft it oantal administrative taken fermindere wurde kin. Sa soe der wer mear tiid foar bern en jongeren mei problemen komme moatte.

Foto: Google Street View

De desintralisaasje fan de soarch hat foar in gruttere regeldruk soarge. Helpferlieners binne folle mear dwaande mei administraasje en dat soarget foar in soad frustraasje. Mei Sociaal Domein Fryslân sil no in ynventarisaasje makke wurde fan it tal regels dy't net nedich binne.

Ald-keamerlid Rita Verdonk begeliedt de ynventarisaasje. Sy sil de konklúzjes foarlizze oan de makkers fan de regels.

Trefwurden: 
regeldruk regels jeugdhulp
(advertinsje)
(advertinsje)