SC Cambuur azet op sportive wraak yn de wedstriid tsjin NEC

SC Cambuur wol sportive wraak nei de wanprestaasje ôfrûne moandei yn de wedstriid tsjin Jong AZ. De Ljouwerters spilen dy wedstriid benammen yn de earste helte striemin en sy ferlearen mei 2-1. De klap kaam hurd oan, sa seit trainer René Hake. "De verwerking van dat verlies kostte bij mij meer dan een dag. Maar dan bespreek je de wedstrijd en moet je toch weer verder."
Cambuur azet op sportive wraak yn de wedstriid tsjin NEC
Hake wie moandeitejûn ferbjustere oer it spul fan syn ploech yn de earste helte. "Ik vond het vreemd dat wij zo'n eerste helft speelden. Het was ongrijpbaar. De basisdingen gingen verkeerd: de veldbezetting, het doordekken. En dan is er niet tegen te voetballen,"
Ek de spilersgroep wie frustrearre oer de minne prestaasje, sa seit Hake en hy rekkene op sportive wraak. "Ja, ik mag wel hopen dat wij voor eigen publiek een betere prestatie neerzetten."

Opstelling

Oer de opstelling koe de Cambuur-trainer noch net hiel konkreet wurde. Op de fraach oft der yn de opstelling nei de fertoaning fan moandei ek feroarings trochfierd wurde, sei hy: "Ja, en dat geldt zowel gedwongen als ongedwongen." By dat lêste doelt Hake op in oantal spilers dat net hielendal fit is. Freed sil besjoen wurde oft sy spylje kinne.
Issa Kalon kin dat net; hy is noch blessearre. Nigel Robertha is noch in twivelgefal. Yn de kategory 'ongedwongen' liket Nino van den Beemt te fallen. De middenfjilder waard yn de wedstriid tsjin Jong AZ al wiksele. Syn ferfanger moandei, Daan Boerlage, liket freed ek in basisplakje krijen.
Cambuur azet op sportive wraak
NEC is ek in klup mei de nedige swierrichheden. De Nijmegenaren stean op in teloarstellend 15e plak, trije punten achter Cambuur. Hake: "NEC is behoorlijk afgegleden. Dit is niet wat NEC wil. Er zijn in de selectie ook de nodige veranderingen aangebracht. Maar wij willen NEC onder ons houden. En dan moeten we het wel beter doen dan maandag."