Fryske froulju wrâldkampioen op teamsprint

07 feb 2019 - 16:18

De Nederlânske frouljusploech, mei dêryn Friezinnen Letitia de Jong fan Feanwâlden en Janine Smit fan It Hearrenfean, is yn Inzell wrâldkampioen wurden op de teamsprint. De twa Friezinnen sieten yn de ploech mei Jutta Leerdam.

De trije Nederlânske froulju setten in nasjonaal rekôr del: 1.26.28. Dêrmei wiene se in lytse sekonde rapper as Kanada en Ruslân, dy't it sulver en brûns pakten.

Knappe race

Janine Smit die it earste kopwurk. Sy begûn goed, al moast Leerdam dêrnei wol in gatsje litte. Leerdam joech nei twa rûntsjes ôf mei in lytse foarsprong op Kanada, dat oant doe ta earste wie. De Jong ried in hiele knappe lêste ronde en soarge derfoar dat Nederlân mei hast in sekonde ferskil wûn.

(advertinsje)
(advertinsje)