LIVEBLOG: WK Ofstannen Inzell

07 feb 2019 - 17:00

It Wrâldkampioenskip ôfstannen langebaan is dizze wike yn Inzell. Omrop Fryslân is der by. Mar leafst acht Friezen dogge dizze wike mei oan it toernoai yn Dútslân.

Folgje it hjir op de foet.

19:50
Ein liveblog

We hâlde der mei op yn Inzell. De earste dei sit derop. Foar Fryslân hellen Janine Smit en Letitia de Jong goud by de teamsprint, waard Antoinette de Jong twadde op de 3000 meter en helle Sven Kramer brûns op de 5000 meter. It toernoai giet freed fierder mei de 500 meter foar froulju en de ploege-efterfolging. Ek freed set it útein om fjouwer oere.

19:25
Pedersen wrâldkampioen, Kramer tredde

Sverre Lunde Pedersen is de nije wrâldkampioen op de 5000 meter. Patrick Roest en Patrick Beckert komme net oan de tiid fan Pedersen. Roest wurdt twadde yn 6.11,70 en Kramer einiget as tredde yn 6.12,53. Jorrit Bergsma wurdt hiel teloarstellend tolfde yn in tiid fan 6.20,29.

19:17
Sverre Lunde Pedersen rapper as Kramer

Sverre Lunde Pedersen dûkt ûnder de tiid fan Sven Kramer. En hy is ek net in lyts bytsje rapper: mar leafst fiif sekonden. De 6.07,16 fan Pedersen is mei noch ien rit te gean de fluchste tiid. Kramer moat foarearst genôch nimme mei it twadde plak. Yn de lêste rit rydt Patrick Roest tsjin Patrick Beckert. Einiget Kramer wol op it poadium?

19:10
Noch twa ritten en Kramer boppe-oan

De tiid fan Sven Kramer hâldt stân, ek nei rit acht. Dêryn komme de Rus Alexander Rumyantsev en Bart Swings net oan de tiid fan Kramer. Slagget dat Sverre Lunde Pedersen en Danila Semerikov yn rit njoggen wol?

19:02
Kramer earste, mar....

Sven Kramer rydt de earste tiid yn 6.12,58. Mar is dit genôch? Us analytikus Jesper Hospes tinkt dat 6.09 ûngefear de winnende tiid wurde moat. Kramer liket net tefreden.

18:34
Dweilskoft, sa moat Kramer

We ha fiif ritten hân en Ted Jan Bloemen hat de snelste tiid. In tiid fan 6.13,79. Bergsma is fjirde mei 6.20,29.

Kramer komt nei it dweilskoft yn rit 7 yn aksje tsjin Ghiotto. Patrick Roest moat yn de tsiende en lêste rit.

18:29
Minne rit fan Bergsma

Jorrit Bergsma fernuveret ús, mar dan negatyf. Hy set in hiele minne tiid del. Hy rydt 6.20,29 en is nei trije ritten tredde. Dat wurdt lang gjin medalje foar Bergsma.

17:55
Sulver foar Antoinette de Jong

It is de Friezinnen Ireen Wüst en Antoinette de Jong net slagge om de wrâldtitel op de 3.000 meter te pakken. Sy waarden respektyflik 2e en 5e. De titel gie nei Martina Sáblíková út Tsjechje. Tredde waard Natalia Voronina út Ruslân.

Trefwurden: 
reedriden WK Inzell
(Advertinsje)
(Advertinsje)