Oprop oan Twadde Keamer: "Gaswinning yn de Waadsee moat ophâlde"

07 feb 2019 - 15:44

De Waadferiening hat tongersdei oan it begjin fan de middei yn Den Haach in petysje oanbean oan Twadde Keamerleden, wêryn't se oproppe om op te hâlden mei gaswinning yn de Waadsee. De petysje is ûndertekene troch mear as 40 organisaasjes. De Twadde Keamer sil mei minister Wiebes yn debat oer mynbou en gaswinning.

Foto: Remco de Vries

De NAM hat op it stuit plannen foar gaswinning by Ternaard en Blije wêrby't ek gas ûnder it Waad fuorthelle wurde sil. Minister Wiebes stiet no noch folslein efter dizze plannen. De oprop om it ierdgas ûnder de Waadsee sitte te litten wurdt stipe troch in brede groep organisaasjes en persoanen. Sa is de petysje bygelyks ûnderteke troch bestjoerders út de provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân, en doarpsbelangen út Ternaard en Blije. Mar ek fuotbaltrainer Foppe de Haan hat de petysje ûndertekene,

Oproep aan Tweede Kamer: "Gaswinning in Waddenzee moet ophouden"

Frank Petersen fan de Waadferiening

Frank Petersen fan de Waadferiening hat der alle betrouwen yn dat se mei de petysje berikke sille dat boare nei gas yn de takomst net mear barre sil yn de Waadsee:

Frank Petersen fan de Waadferiening hat der alle betrouwen yn dat se mei de petysje sukses hawwe sille. Petersen tinkt dat de petysje berikke sil dat boarje nei gas yn de takomst net mear barre sil yn de Waadsee: "Als het niet vandaag gebeurt dan is dit weer een extra bewijs dat er zo ongelooflijk veel mensen en organisaties zijn in heel Nederland die heel zuinig willen zijn op de Waddenzee, en daarom nadenken over het stoppen van aardgaswinning."

(Advertinsje)
(Advertinsje)