Sechstjin jier easke tsjin fertochte fan deaslach yn Heech

07 feb 2019 - 15:43

It Iepenbier Ministearje easket 16 jier tsjin de Jouster dy't yn febrewaris 2018 Hans Boschma yn syn wenning yn Heech om it libben brocht hat.

Foto: CAMJO Media

De fertochte is njoggen kear heard troch de plysje. De earste seis kear ûntkent de Jouster dat hy yn Heech west hat. Letter bekent er dat hy dochs wat mei de dea fan Boschma te krijen hat. Neffens de offisier fan justysje wiist alles derop dat hy wol op 6 febrewaris 2018 yn Heech west hat.

Hans Boschma waard op 6 febrewaris 2018 om it libben brocht yn syn wenning yn Heech. Twa moanne letter waarden de Jouster en in 28-jierrige Ljouwerter oppakt. De Ljouwerter is wer frij, mar hy bliuwt neffens it Iepenbier Ministearje wol fertochte. Boschma behearde de neilittenskip fan de ferstoarne heit fan de Ljouwerter. Syn heit en de Jouster fertochte wiene neven.

Letter mear.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie by de rjochtsaak

Trefwurden: 
rjochtsaak Heech
(advertinsje)
(advertinsje)