Gerry Hamstra ûntkent geroften oer oerstap nei FC Grins

07 feb 2019 - 14:48

De namme fan Gerry Hamstra wurdt neamd by FC Grins. De klup is op syk nei in nije technysk manager, omdat Ron Jans oanjûn hat dat hy der nei dit seizoen mei ophâldt. Neffens fuotbalblêd Voetbal International soe Hamstra yn byld wêze as syn opfolger, mar Hamstra ûntkent. "Ik ben niet benaderd door FC Groningen."

Gerry Hamstra - Foto: Omrop Fryslân

Gerry Hamstra is berne yn Grins en is sûnt de simmer fan 2016 technysk manager by SC Hearrenfean. Ferline jier is syn kontrakt noch ferlinge.

"Als ik op alle geruchten moet reageren, dan blijf ik bezig. Ik ben technisch manager bij SC Heerenveen. Punt!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)