Van der Wal op swart by Mercurius

09 nov 2011 - 16:18
Foto: Omrop Fryslân

De direkteur fan de Ljouwerter lokale omrop Mercurius hat ferline wike in útstjoering op swart set doe't it Ljouwerter riedslid Piet van der Wal ynterviewd waard. Se soe dat dien hawwe om't Van der Wal him earder negatyf útlitten hat oer omrop Mercurius.

Ynterviewer Jan de Vries hat dêrop syn ûntslach yntsjinne, omdat hy net mear ûnofhinklik sjoernalistyk wurkje kin. Van der Wal, riedslid fan PAL/GrienLinks yn de ried fan Ljouwert, hat de gong fan saken meld by it kolleezje. Boargemaster Ferd Crone sil yn petear mei Omrop Mercurius. Saskia Buising, direkteur fan Mercurius wol net reagearje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)