Goed 150 learlingen demonstrearje yn Drachten foar better miljeu

07 feb 2019 - 13:59

Dêr't tûzenen learlingen yn Den Haach tongersdei staakten foar in better miljeu, wie der ek yn Drachten in protestaksje. Sa'n 150 bern fan it Drachtster Lyceum en CSG Liudger kamen yn aksje om fan har hearre te litten.

De staking yn Drachten wie organisearre troch de learlingen sels. Twa fan dy inisjatyfnimmers binne Eline en Joia. Sy wiene wakker entûsjast oer de opkomst tongersdeitemoarn yn it sintrum fan Drachten. "It fielt echt hiel goed. Wy binne hjir moandei mei begong en hiene nea tocht dat it sa'n grut sukses wurde soe."

Learlingen stake yn Drachten

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Twadde Keamerlid Harry van der Molen oer de staking

Twadde Keamerlid Harry van der Molen wie ek yn Den Haag. Hy prate mei guon bern. Hy kin him yntinke dat de bern harren ynsette foar it klimaat, omdat it foar harren takomst wichtich is. "Ik fyn it foaral in saak foar âlden, bern en skoallen om dêr mei elkoar oer te praten. As it by ien dúdlik sinjaal bliuwt tongersdei, dan hoecht der gjin jongere yn de knipe te kommen", seit Van der Molen. "Ik tink dat foaral de jonge minsken hjoed sjen litten hawwe dat se it werombringen fan CO2 stypje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)